Easterbarren,

Hoe kin ik immen útlizze wat it Easterbarren is, it stiet synonym foar… ja foar wat eins?
It omearmet dy en krûpt dy ûnder dyn bast, derby makket it net út as men no besiker, artyst as frijwilliger is. Ik fernuverje my oer de maffe kaprioalen fan de strjitte-acts, folksdûnsje mei Pake en Beppe of gekjeie mei de saxylady’s. 

Ik stean fersteld fan de talintfolle jonge musikanten en de fanatike âlderein dy’t noch swingt as in trein. En fansels it publyk, wat soe it Easterbarren wêze sûnder al die minsken dy’t elk jier wer komme. It hat wol wat fan in reüny, men heart gauris: “och heden, do hjir ek?” Altyd is der in noflike moeting mei bygelyks in âld kollega of in doarpsgenoat dy’t men in skoft net sjoen hat. Byprate mei die gitarist wêrst earder mei spile hast.

Sa njonkelytsen is it Easterbarren in part fan myn jierlikse syklus, alle  jierren sjoch ik der wer nei út en ha ik it wer nei’t sin.
It Easterbarren is en bliuwt unyk!

Sytse Wilkens

Eastebarren met de Saxy Ladies

Sytse Wilkens

IMG_4300-01.jpg

Donateur worden?

Draag bij aan het culturele hart van Eastermar. Stifting Easterbarren is op zoek naar donateurs!

Hoofdsponsor

Volg ons via

Top