Doe't Fokke Plantinga en Jelmar Hoekstra betochten om wat mear mei harren teaterprofessie te dwaan, wie it Easterbarren de bakermat wer't se de earste strjitact útprebearje koene. En wat foar in strjitact, yn mei in aparte fleantúch fyts en twa nuveraardige minsken dy't der mei troch de strjitten fan Eastermar omfleach. It publyk wie enthousiast, lykas Fokke en Jelmar sels, HympHamp theater wie berne en hie ynslein as in bom!


Nei Easterbarren folgen mear festivals en mei de fleantúch fyts crosse se (noch altyd) troch it hiele lân, mar se hiene de smaak te pakken en in nije strjitact waard makke. It VVAT, oftewol it Veiligheid Voor Alles Team mei meneer van der Heide as âld rôt yn it fak en syn wat ûnbehelpsume stagiaire Sietske.
Wer wie it Easterbarren de proef oft ek dizze act oanslaan soe en ja hear, it Easterbarren publyk omearme Sietske en van der Heide en genoaten ek wer fan dizze strjitact. Wer in hearlike widze weryn ús nije 'HympHampberntsje' ûntstean en groeie mocht.


Foar teatermakkers is dat hiel noflik dat der soksoarte fan strjitfestivals binne as it Easterbarren, jo kinne pas ûntdekke oft in teateract wurket as der foar publyk spile wurdt. De opset fan it Easterbarren is in prima plakje derfoar en wa wit, miskien ek wol in soarte fan kweekfiver foar jonge, nije teatermakkers! Wat dat oanbelanget hoopje wy fan HympHamp theater dat it Easterbarren noch lang bestean bliuwe mei, want we ha ferlet fan moai teater: sa wol op strjitte as op in poadium.


Nei ferrin fan jierren, is HympHamp theater útgroeid ta in folweardich teaterselsskip mei musikanten en harren eigen berne- en kabaretfoarstelling. Mar in lyts geheimke kin ik jim no wol ferklappe: eins barde de magy fan dy teateracts al yn de eftertún en it smûke keukentsje fan Sytskelân 6, ús eigen adreske wer't wy altyd ús omklaaie en opbouwe mochten. Sadree't we der begûnnen mei omklaaien, dan wie it hek al fan de daam en rôlen de triennen oer de wangen fan it laitsjen by ús gasthear en gastfrou. Dan koe ús middei net mear stikken en wat foar waar it dan ek wurde soe: it Easterbarren wie foar ús al in sukses!


Ek dit jier komme we wer mei in nije act, benijd wat jimme der fan fine sille! Mar.., bot sitte we der net oeryn: it Easterbarren kennende sil dat wol goed komme!

Oant yn augustus, oant Easterbarren!



Groetnis,

HympHamp theater

hymphamptheater

P1170520.jpg

Donateur worden?

Draag bij aan het culturele hart van Eastermar. Stifting Easterbarren is op zoek naar donateurs!

Hoofdsponsor

Volg ons via

Top