In kear as tsien ha wy (Duo B & W) meidien oan Easterbarren.
It begûn mei in âld karre efter de fyts as âlderwetske (domme) timmermannen We klauden by in âld trepke op om kezinen op te mjitten en eamelden dêr dan wat op om.

Doe’t yn 2005 it Easterbarren nominearre wie foar it Nationaal Compliment, in lanlike wedstriid, ha wy as karmasters fan dit Nationaal Compliment meidien op in tandem. It gie as folgt; We melden ús oan yn it gebou efter de tsjerke. De mefrou efter de balie wie tige freonlik en we krigen ús broadsje- en kofje bontsjes en sy winske ús sukses. Nei’t we ús by de auto ferklaaid hienen, en it knappe pak oan en de strik foar hienen gienen we werom nei de frou mei it ferhaal dat we fan it Nationaal Compliment wienen en de saak troch it gat sjen soenen. De frou wist net wat se der oan hie, woe minsken fan de organisaasje belje en trille der oer fan spanning. Alle minsken yn dat sealtsje efter de tsjerke hienen kofje yn in plestik beker mar de frou efter de balie rattele krek sa lang yn de kastkes oant se 2 echte kofjekopkes en pantsjes hie der ’t wy de kofje út krigen. Nei de kofje giene we op paad en de frou hat ús neisjoen en wist net wat se der oan hie. We ha bûtedoar ferskriklik lake, de middei koe foar ús beiden doe al net mear stikken.

In oar jier ha we as wiere detektives de saken op it Wâltsje en de Teye Tolstrjitte goed yn eagenskou nommen, benammen de gong fan saken by de kofje- en broadsje útdielerij fan de dames Zijlstra en Agema.

Letter jierren ha we mei in koffer op ‘e dyk omswalke as fakânsje gongers dy’t it pead kwyt wienen. We ha libbende stânbylden fan de hûnenútlitservice west, en we ha as de Muppetmansjes Stadler en Waldorf meidien.

Op’estrjitteomswalkersduo B & W
Eppie Bosma en Hein Westerhof
Altyd ferrassend

duo B&W

IMG_1769.jpg

Donateur worden?

Draag bij aan het culturele hart van Eastermar. Stifting Easterbarren is op zoek naar donateurs!

Hoofdsponsor

Volg ons via

Top