Miskien werkinst it wol. Do hast klean yn 'e kast lizzen dat men komselden oan hat. Dochs mei it net fuort. It sil net ien opfallen wêze mar op it Easterbarren draach ik altyd, al 15 edysjes lang, de selde reade broek. It is de Easterbarrenbroek.

Ik haw dizze broek sûnt 1990. Kocht yn Utrecht, doe't ik dêr studint wie. Ik wyt noch krekt hokker winkel. It wie in oanbieding. De twadde broek foar de helte fan 'e priis. Dan mar in readenien der by, tocht ik doe.
En nettsjinsteande it búkje - sis mar nee tsjin in glêske Chardnonnay - past de broek noch altyd as in snaar...

Oant sjen op it Easterbarren, alle jieren wer ferrassend en altyd moai waar!

Rienk Vlieger

De Easterbarrenbroek

_MG_8908.jpg

Donateur worden?

Draag bij aan het culturele hart van Eastermar. Stifting Easterbarren is op zoek naar donateurs!

Hoofdsponsor

Volg ons via

Top